
Wolkom by de StimWizer Fryslân
De StimWizer test jo politike foarkar oan ’e hân fan stellingen en útspraken út de ferkiezngsprogramma's fan politike partijen, dy’t oan de ferkiezingen fan 7 maart meidogge.
De stellingen
Beäntwurdzje de stellingen troch te klikken op iens, net iens of wit net. Jo kinne oan stellingen dy’t jo fan belang fine in ekstra gewicht takenne. Jo kinne yn in apart skerm in kar meitsje hokker partijen jo meinimme wolle yn it berekkenjen fan it resultaat.
Resultaat
Yn it resultaatskerm sjogge jo de partij mei wa’t jo it meast oerienkomme. Jo sjogge yn ôfnimmende folchoarder de oerienkomst mei de oare partijen. Dêrneist sjogge jo ek de antwurden fan alle partijen op de stellingen en kinne jo trochklikke nei in taljochting op it partijstânpunt.
Yn de StimWizer Fryslân binne 13 partijen opnommen. Dêrmei binne alle partijen dy’t dielnimme oan de Provinsjale Steateferkiezingen yn dizze StimWizer fertsjintwurdige.
Indien u gebruik maakt van hulpapparatuur zoals een braillelezer, of als u problemen ondervindt met de weergave van de schermen, kunt u kiezen voor een andere, toegankelijke versie van de StemWijzer. Deze voldoet aan de prioriteit 1 toegankelijkheidsrichtlijnen van W3C.


